Lêste training SC Cambuur yn oanrin nei MVV is besletten

De training fan Sportklup Cambuur fan sneon is besletten. De ploech fan trainer Sipke Hulshoff sil sneon yn de oanrin nei it treffen mei MVV efter sletten doarren in lêste training hâlde. Se kinne har snein tsjin MVV pleatse foar de finale fan de play-offs en dat bringt de nedige spanning mei him mei. De trainer wol dêrom yn alle rêst tawurkje nei dizze wichtige wedstriid. Cambuur spile de earste wedstriid tongersdeitejûn gelyk mei 1-1.
Wraak
Mocht Cambuur de finale fan de play-offs helje, dan is Roda JC mooglik de tsjinstanner. De Limboarchske klup wûn tongersdei mei 1-0 by Helmond Sport en hat dêrmei in goede útgongsposysje foar it heljen fan de finale. In wedstriid tusken Cambuur en Roda soe in nijsgjirrich treffen wurde. Cambuur ferlear yn it seizoen 2009/2010 yn de finale fan de play-offs mei penalty' fan Roda en wol mar wat graach sportive wraak nimme.
De thúswedstriid fan Cambuur tsjin MVV begjint snein om 14.30 oere.