Ljouwerter wetterbedriuwen wolle gearwurkje mei Frânsen

19 maaie 2017 - 11:46
Foarsitter Sylvain Boucher fan Pole Eau (l) en direkteur Hein Molenkamp fan Water Alliance (r)

De Ljouwerter Water Alliance, de oerkoepeljende organisaasje fan wettertechnologybedriuwen, sil mear gearwurkje mei Pole Eau út Montpellier. Dêrfoar ha se tongersdei in yntinsjeferklearring ûndertekene op in beurs yn de Frânske stêd. Pole Eau is krekt as de Water Alliance aktyf mei inkelde hûnderten bedriuwen en organisaasjes op it mêd fan wettertechnology. Beide organisaasjes wolle saaklik mear gearwurkje, mar ek wat ûnderwiis oanbelanget. Se tinke dat se troch de gearwurking makliker tagong krije ta Europeeske projekten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)