Misdaadmeter AD: Ferwerderadiel feilichste Fryske gemeente

19 maaie 2017 - 11:36
Argyffoto - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Ferwerderadiel is opnij de feilichste gemeente fan Fryslân. Dat docht bliken út de Misdaadmeter fan it Algemeen Dagblad. De gemeente stiet op it njoggende plak yn de lanlike top 10. Foarich jier stie Ferwerderadiel noch op it fjirde plak. Opfallend is it ûntbrekken fan Littenseradiel yn de lanlike top 10. De gemeente wie jierren de feilichste gemeente fan Nederlân, stie foarich jier noch fiifde, mar moat it dit jier dwaan mei it 45e plak.

Littenseradiel

Neffens boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel falt it mei de kriminaliteit yn har gemeemte ta, seit se yn it AD. De statistiken jouwe al gau in fertekene byld. Liemburg: "Yn 2015 die bliken dat wy de gemeente binne mei de measte oerlêst troch betize persoanen. Dat waard feroarsake troch ien frou mei psychyske problemen. Se belle alle dagen in nije klacht troch en dy waarden allegear registrearre. Doe't sy ferhuze, stienen wy wer ûnderoan de list."

Ljouwert

De gemeente Ljouwert is de ûnfeilichste gemeente fan Fryslân. It stiet 26e op de list fan ûnfeilige Nederlânske gemeenten. Foarich stie Ljouwert noch 15e op de list fan meast ûnfeilige gemeenten.

Top 5 feilichste Fryske gemeenten

1. Ferwerderadiel (9)
2. Kollumerlân (21)
3. Ljouwerteradiel (39)
4. Littenseradiel (45)
5. Tytsjerksteradiel (47)

Top 5 ûnfeilichste Fryske gemeenten

1. Ljouwert (26)
2. Harns (143)
3. Hearrenfean (154)
4. Weststellingwerf (170)
5. Smellingerlân (172)

Lanlik is Tubbergen (Oerisel) de feilichste gemeente. De ûnfeilichste gemeente is, krekt as foargeande jierren, Amsterdam.

Trefwurden: 
misdaadmeter AD
(Advertinsje)
(Advertinsje)