Easterwâldster driget plysjes del te sjitten by oanhâlding

19 maaie 2017 - 11:36

In 29-jierrige man út Easterwâlde drige tongersdeitejûn plysjes del te sjitten. De plysjes wiene nei de Dorprichterstrjitte yn Easterwâlde kaam om't de man dêr in oare ynwenner fan it doarp slim bedrige hie. De 29-jierrige man wie hiel agressyf nei de plysje ta en jûch him pas oer nei't drige wie de plysjehûn op him ôf te stjoeren. 

Nei de oanhâlding hat de plysje de wenning fan de man trochsocht, mar gjin fjoerwapen fûn. Wol fûn de plysje in slach- en stekwapen en 70 stiks swier fjoerwurk. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)