Weststellingwerf hâldt hast 4 miljoen euro oer

19 maaie 2017 - 11:15
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Weststellingwerf hat ferline jier hast 4 miljoen euro oerhâlden. Dat komt ûnder oare troch de ferkeap fan de oandielen Enexis. Dat smiet 1 miljoen op. De fermogensposysje fan de gemeente is ferbettere yn 2016. Foar it tredde jier op rige bleaune de tariven foar rioel- en ôffalstoffeheffing ferline jier gelyk yn Weststellingwerf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)