Ried Achtkarspelen stiet achter feilige oerstek by Surhuzum

19 maaie 2017 - 11:00
Bern fiere aksje foar fytstunnel by Surhuzum - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De gemeenteried fan Achtkarspelen wol in feilige oerstek fan de provinsjale dyk N358 by Surhuzum. Alle partijen tsjinnen hjiroer tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste in moasje yn. De ried wol dat der in fytstunnel of in fytsbrêge komt by de Uterwei by Surhuzum. De ynwenners hawwe dêr earder al om frege. Under oare Pleatslik Belang hat der in brief oer stjoerd oan de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)