Boargemaster Hayo Apotheker nimt "ôfskied fan in libben"

"It is in ôfskied fan in libben en dêr moat ik wol even oan wenne." Dat seit boargemaster Hayo Apotheker fan de gemeente Súdwest-Fryslân oer syn beslút om yn desimber mei it amt op te hâlden. Hy makke dat tongersdeitejûn bekend yn de riedsgearkomste. Foar Apotheker is it net allinnich in ôfsluting fan in perioade. "It is ek in ôfskied fan myn fak. Ik ha 35 jier boargemaster west en ha dêrmei de langste erfaring fan Nederlân. Mar oan alles komt in ein en it wie in prachtige tiid. Ik ha alles meimakke."
Goed gefoel
It moaiste fan boargemaster wêze, fûn er it ûntwikkeljen fan in gebiet fan in gemeente yn oparbeidzjen mei oaren. "Datst dan in reade tried ûntdekst fan wat de wezenlike krêft is fan in gemeente, stêd of gebiet en om dêr wat mei-inoar fan te meitsjen. En datst dan ek nei in pear jier sjochst wat derfan terjochte kaam is, bygelyks de binnenstêd fan Snits en de Iselmarkust. Dat hast dan mei-inoar dien en dat jout in goed gefoel."
Relaxte aginda
Apotheker is net fan plan om mei syn pensjoen achter de geraniums sitte te gean. Hy giet troch as foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan de hegeskoalle NHL yn Ljouwert, ek nei de fúzje mei Stenden. Boppedat bliuwt er belutsen by it kommissariaat fan in wenningboukorporaasje yn East-Grinslân. "Ik bin planolooch fan orizjine en dêr wol ik my ek mei dwaande hâlde. Ik krij in moaie, relaxte aginda en fierders sil ik genietsje fan Fryslân en gean ik op reis nei it bûtenlân."
Apotheker nimt op 19 desimber ôfskied as boargemaster fan Súdwest-Fryslân.