Henk van de Boer nije wethâlder yn Eaststellingwerf

19 maaie 2017 - 10:29
Foto: It gemeentehûs fan Easterwâlde

De 68-jierrige Henk van de Boer wurdt de nije wethâlder fan de gemeente Eaststellingwerf. Van de Boer is âld-deputearre fan de provinsje Drinte. Hy folget Hans van Welle op, dy't earder opstapte.

De VVD'er is neffens fraksjefoarsitter Rineke Valk in man mei in "stevig profiel". Dat is neffens de partij nedich omdat der meardere swiere dossiers oankomme, lykas de wenfisy.

Nei alle gedachten kin Henk van de Boer yn de riedsgearkomste fan 23 maaie beneamd wurde as nije wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)