GrienLinks wol opheldering oer miljoenen Kulturele Haadstêd

De steatefraksje fan GrienLinks hat foar de steatefergadering fan kommende woansdei in ynterpellaasjededat oanfrege oer Kulturele Haadstêd 2018. Neffens fraksjefoarsitter Retze van der Honing jout de provinsje mear as 19 miljoen euro oan subsydzje oan de stichting dy't it grutte kulturele evenemint organisearret.
Tongersdei waard bekend dat de provinsje en de gemeente Ljouwert ekstra miljoenen yn KH2018 stekke. De fraksje wol klearrichheid oer de besteging fan dat jild. Van der Honing: "It giet ús net om bemuoienis mei de ynhâld fan de programmearing, mar om iepenheid oer wat der mei it jild gebeurt."