Kollum: "Amsterdam"

19 maaie 2017 - 08:30

"Ferline wike freed kaam ús dochter mei har freon en ús mem oan op Skiphol en wy soene harren ophelje. Dochter en skoansoan hiene al in moanne of trije op reis west en beppe hat de lêste twa wiken mei har trochbrocht op Bali en Bangkok. Jûns om in oere of acht kaam it fleantúch oan.

Mar no moast Jelle de middeis al yn Amsterdam wêze en hy frege oft ik him dêr wei helje woe sadat we dêrnei nei Skiphol koene. Ik troch it sintrum fan Amsterdam ride? Tocht it net! Ik bin al beroerd as ik trije auto’s, in trekker en in pear hurdfytsers tsjinkom as ik mei de hûnen derút bin. Foaral dy hurdfytsers ha ‘k wol gauris muoite mei.

We hawwe lêst ek troch Amsterdam riden, op syk nei in skip. Se hiene guon diken ôfsetten en sels mei de navigaasje wie it ûnmooglik it paad te finen. We hawwe wit ik hoefolle rûntsjes riden en dêr bin ik net geskikt foar dus ik bin de middeis direkt mar meigien.

Dêr hinne ride is te dwaan mar doe’t wy yn it sintrum wiene en wer om in boat sochten stjoerde de navigaasje ús wol in ein yn ‘e buert mar net hielendal. ‘Sjochst no wol?’ sei ik. ‘It is gewoan in ramp om hjir te riden!’ Fan al dy auto’s, trams, bakfytsen en ûnoersichtlike situaasjes wurd ik net bliid. Ik sit leaver op in karre mei fjouwer hynders derfoar dan dat ik troch dy gribus ride moat.

Uteinlik hawwe wy it fûn en wiene wy krekt op ‘e tiid teplak. Op himsels wie it wol in aardige buert. Oan it wetter en op in skip fiel ik my altyd wol thús. It wie prachtich waar en sûnder alle ferkearsdrokte om my hinne, kin ik de sfear yn sa’n stêd bêst wol wurdearje.

We wiene ek moai op ‘e tiid op it fleanfjild en sieten earste rang by de oankomsthal. Ik ha my net in minút ferfeeld, want Skiphol is in wûndere wrâld. Ek hiel drok mar wy hoegden allinnich mar te wachtsjen en hiene dizze kear gjin reisstress. Der stiene folle mear minsken te wachtsjen. Guon hiene sels de hûn mei en der wie in man dy’t earst syn hûn wiidweidich begroete en dêrnei de frou dy’t derby hearde.

Wy hiene gjin bisten mei mar sieten dêr noflik tegearre oan in bakje nei al dy minsken te sjen. Ik fûn it moai, it joech my hoop. Want hoe faak lêze of sjogge je net negative berjochten yn ‘e krante, op ‘e telefyzje of op social media oer moardners, kriminelen, ferkrêfters, minsken dy’t bern of bisten mishannelje,  ensafuorthinne. En dan tink ik wol gauris dat de wrâld ferrotte is. No ja, de wrâld op himsels net mar de minsken wol.

By oankomsthal twa ha ik allinnich mar leafde en freugde sjoen. Tútsjes, krûpen, triennen, bliidskip, ferromming en kadootsjes. En it is ek bêst wol spannend om te wachtsjen. Je witte net presys wannear’t se komme en as se dan ferskine, dan makket je hert in spronkje.

Op sa’n plak kinst my de hiele dei wol delsette. Al dy minsken dy’t ûnderweis binne en allegear hawwe se har eigen ferhaal. Dat smeltet by elkoar yn in stêd as Amsterdam of op in plak as Skiphol. Op it plattelân is dat in stik minder, mar lokkich is it hjir al rêstiger op ‘e dyk. Ik ha my dan ek foarnommen om net mear te flokken as ik dy auto’s, trekkers en hurdfytsers tsjinkom. Ik bin benijd hoe lang ik dat folhâld."

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)