Sipke Hulshoff: ''1-1 is gjin min resultaat''

18 maaie 2017 - 22:51

''Uteinlik bin ik der tefreden mei. In 1-1 lykspul is gjin min resultaat.'' Dat sei trainer Sipke Hulshoff fan SC Cambuur tongersdeitejûn nei de útwedstriid tsjin MVV. Yn Maastricht waard it yn de earste wedstriid fan de play-offs 1-1. ''Ik fûn it begjin ús bêste faze'', fertelt Hulshoff. ''Dêrnei wie it nivo wat minder. Dochs fyn it dat we it net min dien hawwe. Myn kompliminten oan de spilers dat se de 1-1 binnen helle hawwe.''

Doelpuntemakker foar Cambuur wie Sander van de Streek. Hy skoarde yn de sechtsjinde minút de 1-1. ''Het is op zich een goed resultaat. We moeten nu proberen het thuis af te maken. In de slotfase moesten we vandaag misschien wat dominanter zijn, maar dat lukte helaas niet.''

Wiksel

Van de Streek waard yn de twadde helte noch wiksele, om't er him net goed fielde. ''Ik werd misselijk, dat heb ik eigenlijk nog nooit gehad. Ik liep mezelf in de weg, dan is het beter om eruit te gaan.''

Neffens Erik Bakker wie de 1-1 tsjin MVV oer de hiele wedstriid sjoen in terjochte útslach. ''MVV ging ervoor en dat wisten we ook wel. We moeten het nu thuis gaan afmaken. Het optimise overheerst bij ons, we kijken uit naar de wedstrijd van zondag!''

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur MVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)