Kroegetocht tsjin fêste slutingstiden Ljouwerter hoareka

De Doelesteech yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De leden fan de Jonge Democraten Fryslân binne tsjin de fêste slutingstiden foar de hoareka yn Ljouwert. Se organisearje dêrom kommend wykein in kroegetocht om oandacht foar dizze kwestje te freegjen. Sy pleitsje foar frije slutingstiden, omdat se fine dat dat heart by in groeiende studintestêd lykas Ljouwert.
Neffens de Jonge Demokraten kinne hoareka-ûndernimmers prima sels bepale wannear't se ticht gean moatte. Se fine it te gek foar wurden dat de ried net meigiet mei dy groei fan de stêd.