Spesjale ynformaasjegearkomsten oer Sintrale As

18 maaie 2017 - 22:00
De Sintrale as - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Sintrale As is al in skoftke iepen, mar foar in soad minsken is it noch wol spannend om der oerhinne te riden. Hoe wurkje ovondes en wat is shared space? Om minsken dêr by te helpen organisearret de provinsje Fryslân mei Veilig Verkeer Nederland en de Stichting Bevordering Verkeerseducatie ynformaasjebyienkomsten. Op dy byienkomsten giet it net allinnich oer de teory, mar wurdt der ek oefene.

Nei de ynformaasjejûnen kinne minsken har ek noch opjaan foar in praktykles, dan gean se ûnder begelieding oer de nije Sintrale As.

Trefwurden: 
Sintrale As gearkomste dyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)