SC Cambuur spilet lyk tsjin MVV yn Maastricht

18 maaie 2017 - 21:38

SC Cambuur hat tongersdeitejûn yn de earste wedstriid fan de play-offs lyk spile tsjin MVV. Yn Maastricht bleau it nei twa betide goals by 1-1. Al yn de achtste minút kaam de ploech fan trainer Sipke Hulshoff op efterstân troch in doelpunt fan Nwakali. Noch gjin tsien minuten letter stie it alwer 1-1. Sander van de Streek makke mei in prachtige goal lyk. Yn de twadde helte krigen beide ploegen noch kânsen op de foarsprong. MVV waard yn de slotfaze noch gefaarlik, mar ta doelpunten kaam it net mear.

Takom snein wurdt de return spile. Dan komt MVV op besite yn Ljouwert, de wedstriid begjint om 14.30 oere.

Trefwurden: 
SC Cambuur MVV fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)