See-earnepearke yn Lauwersmargebiet hat twa jongen

18 maaie 2017 - 21:25
De jonge see-earn dy't ringe is - Foto: Romke Kleefstra

It pearke see-earnen yn it Lauwersmargebiet hat twa jongen. It pearke dat yn de Alde Feanen siet te brieden, liket ek jongen te hawwen. Natuerbehearders sjogge de âlden mei iten fleanen.

Yn Koudum sit it tredde pearke see-earnen, mar fan dit koppel is net bekend oft se al jongen hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)