Fertochte stekpartij yn azc Balk is frijsprutsen

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De 28-jierrige Marokkaanske fertochte fan de stekpartij yn it azc yn Balk is tongersdei troch de rjochtbank frijsprutsen. Der wie neffens de rjochter temin bewiis dat hy in 22-jierrige man delstutsen hat. De stekpartij wie yn novimber ferline jier. Moandei stie de man foar de rjochter, de offisier fan justysje easke doe twa jier sel foar it besykjen ta deaslach. De rjochter fûn dat de ferklearringen fan de belutsenen safolle ferskilden, dat se gjin straf oplizze koe. Normaal docht de rjochter nei twa wike útspraak, mar no dus al nei trije dagen.
It is noch mar de fraach oft de man ek echt op frije fuotten komt, dat hinget ek fan de IND ôf. De man komt út Marokko en dat is neffens de Nederlânske autoriteiten in feilich lân. De kâns sit der dan ek yn dat de man útsetten wurdt.
Unrêst
De stekpartij soarge yn Balk foar flink wat ûnrêst. Ynwenners fan it doarp fûnen dat der sprake wie fan in 'dôfpot-kultuer' as it om foarfallen op it azc gie. De polityk bemuoide him der ek mei: de VVD-fraksje yn de gemeente De Fryske Marren easke dat der in list publisearre waard mei alle ynsidinten op it azc yn Balk. Dy list kaam der ek en de grutste ûnrêststokers waarden doe oerpleats nei oare azc's.