Easterwâldster (49) opnommen foar rige ynbraken

Rjochter © Omrop Fryslân
Tsjin in 49-jierrige man út Easterwâlde hat de rjochtbank tongersdei in ISD-maatregel oplein. Dat hâldt yn dat de man twa jier yn in ynrjochting foar stelselmjittige dieders opnommen wurdt. Neffens de rjochter is dat de iennichste manier om foar te kommen dat de man noch mear strafbere feiten plege sil.
De man hat in lange rige fan ynbraken op syn namme stean. Hy hie al trije proeftiden oplein krigen, twa dêrfan binne troch de rjochtbank omsetten yn definitive finzenisstraffen, dat betsjut dat de man earst njoggen moanne de sel yn moat.