Aksjegroep protestearret tsjin bou biofergister Burgum

18 maaie 2017 - 20:56

De aksjegroep Noardermar en omjouwing protestearret tongersdeitejûn by it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum tsjin de bou fan in biofergister by de Burgumer Mar yn Noardburgum. De groep is derfan oertsjûge dat de bou troch enerzjybedriuw Engie foar grutte stankoerlêst soargje sil. Sawol omwenners as it toerisme sil hjir slim hinder fan ûnderfine, sizze de aksjefierders.

De aksjegroep makket him ek soargen oer de feiligens en it tal ferkearsbewegings yn it gebiet troch oan- en ôffier. De leefberens fan it gebiet sil der grutte skea fan ûnderfine, neffens Rebecca Sijbenga. Sy die as ynsprekker it wurd by de gemeenteried.

Gemeenteriedsleden sille 14 juny op ekskurzje nei Bemmel dêr't ek in fergister stiet. Op 15 juny is der dan in oriïntearjende sitting oer yn gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)