Boargemaster Hayo Apotheker hâldt der mei op

18 maaie 2017 - 19:43
Hayo Apotheker - Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Boargemaster Hayo Apotheker (66) hat syn ôfskied as boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân oankundige, hy giet mei pensjoen. Apotheker die syn meidieling tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste. Syn ôfskied sil wêze op 19 desimber.

Hayo Aptheker gie nei de HBS yn Appingedam en studearre dêrnei sosjology en planology yn Grins. Syn start yn de polityk wie as riedslid foar Gemeentebelangen yn de gemeenteried fan Loppersum. Hy stapte letter oer nei D66. Yn 1980 waard hy boargemaster yn Muntendam, yn 1988 folge Veendam en yn 1993 Ljouwert.

Minister fan Lânbou

Tusken augustus 1998 en juny 1999 wie hy minister fan lânbou yn it twadde kabinet Kok, mar dat wie net in grut súkses. Hy kearde polityk Den Haag de rêch ta en waard yn 2000 wer boargemaster, no yn Stienwyk, dat letter opgie yn de fúzjegemeente Steenwijkerland. Yn febrewaris 2010 folge de gemeente Snits, dat no ûnderdiel is fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)