Proef mei fytsen op hoarekaplakken yn Noard-Fryslân

18 maaie 2017 - 20:01

Tsien plakken yn de omkriten fan de noardlike Alvestêderûte krije de mooglikheid om toeristen it gebiet op de fyts sjen te litten. Dat wurdt dien om de toerist fierder de regio yn te krijen. It inisjatyf is in gearwurking tusken de Fietsmarkthal Sint-Anne en Uytland Recreatie Ondernemers. Der wurde foarearst op tsien hoarekaplakken seis fytsen delsetten. It giet om Burdaard, Wânswert, Aldebiltsyl, Wyns, Stiens, Marrum, Alde Leie, Swarte Hoanne en Sint-Anne.

De ûndernimmers krigen regelmjittich fragen fan minsken oer fytsen. It giet om in proefperioade. As it inisjatyf oanslacht, moatte der mear fytsen komme.

Trefwurden: 
fyts toeristen
(Advertinsje)
(Advertinsje)