Boartsje jo bern noch bûtendoar? Doch de enkête!

© ANP
Beamkeklimme, sleatsjespringe of plakjekrûpe: lekker bûten boartsje. Mar dat bern bûten binne is net mear sa fanselssprekkend. Omrop Fryslân is benijd oft jo bern bûten boartsje.
Guon bern sitte binnen om't sy leaver kompjûterje of lêze. Oare bern wurde bewust binnen hâlden troch âlden dy't har soargen meitsje oer de feiligens fan harren bern as se net ûnder tafersjoch stean. Ha jo bern? Omrop Fryslân wol graach witte hoe't jo tinke oer it bûten boartsjen fan jo bern. Doch hjir de enkête. Jo kinne oant en mei kommende woansdei de enkête ynfolje.