Fytser rekket ferwûne nei botsing mei motorrider

18 maaie 2017 - 18:05
Foto: Twitter @NynkeBonsma

By Haskerhoarne is tongersdeitemiddei in fytster ferwûne rekke by in botsing mei in motorrider. De motorrider ried út de rjochting fan Haskerhoarne nei It Hearrenfean. Hy koe de oerstekkende fytser net mear ûntwike.

It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehús op It Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)