Miggen op dyn autorút? Sa krijst se derôf!

Michjes op it autorút
"Alle dagen moat ik myn auto waskje as ik thús kom út myn wurk. Allinnich net as it reint, sa as hjoed. Dan binne der gjin miggen." Bouke van Jaarsveld fan Warten hat in soad lêst fan deade miggen op de autoruten. Hy hat de reguliere skjinmakmiddels wol besocht, mar dy holpen him net: "Ik kaam der achter dat waarm wetter mei spiritus goed wurket om se derôf te krijen. Mei glassex wie it in drama!"
Bouke van Jaarsveld is ien fan de Friezen dy't foaral yn dizze tiid fan it jier te krijen hat mei plette miggen op de autoruten. En lykas in soad oaren wol hy wolris witte wat no krekt de bêste tips binne foar bestriding fan de miggen. Wy bellen mei Leen Bosgraaf fan de Autopoetssintrale yn Dokkum en Ljouwert foar de do's en dont's.
Wat wurket wol?
Leen Bosgraaf: "De michjes binne dizze tiid fan it jier tige agressyf. Se sitte fol mei bloed en bliuwe dêrom sa bot plakken op autoruten." Bosgraaf hat trije tips:
1. Doch anty-ynsektemiddel yn it rutesproeireservoir. Troch dit middel bliuwe de miggen minder goed plakken op de ruten. Dit guod is oeral te krijen.
2. Soargje foar in goede waaks op de auto. Hoe better de waaks, hoe minder de miggen kleven bliuwe.
3. Himmelje de auto moarns betiid mei in gewoan skjinmakmiddel, as der noch dauwe op de auto sit. Trochdat ruten, koplampen en lak fochtich binne fan de dauwe, binne de miggen der ienfâldiger ôf te heljen as wannear't alles drûch is. By foarkar brûkst in sêft wiet doekje of in wiete sokke yn in hoas, sadat de auto net skansearre rekket by it himmeljen.
Wat moatst net dwaan?
Leen Bosgraaf sjocht yn syn garaazje in soad auto's dy't skansearre binne trochdat minsken de ferkearde metoaden brûke om de miggen te ferwiderjen. Wat moatst beslist net dwaan?
1. Brûk gjin skjirspûns om de ruten, motorkap of koplampen mei skjin te meitsjen! Hjirtroch rekket de lak en it glês skansearre.
2. Pas op mei it brûken fan helpmiddels as biezems by it tankstasjon. Der sit soms sân op dy biezems, en sân fernielt de lak op de auto.
3. Brûk gjin iisskrabber. Bosgraaf krijt elts jier minsken yn syn autopoetssintrale dy't in iisskrabber brûkt ha om de miggen mei te fuort te heljen. Net in goed idee! Hjirtroch krije je krassen op de lak.
Miggen op de auto binne dizze tiid fan it jier eins hast net foar te kommen, mar mei de boppesteande tips ha je der mooglik wol minder lêst fan.