"Bedriuwen moatte mear ynvestearje yn sûnens personiel"

18 maaie 2017 - 16:58
Foto: Omrop Fryslân

Bedriuwen yn it Noarden moatte mear ynvestearje yn de sûnens fan har personiel. Dat fine soarchfersekerder De Friesland en wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW-Noard. Sy sette har dêr de kommende tiid ek foar yn. Ien fan de earste aksjes is de Vitaliteitsstrijd, wêrby't fjouwer noardlike bedriuwen stride om de titel 'Vitaalste bedrijf van het Noorden'.

It giet om UCC Coffee Benelux, WLN bv, La Hacienda en Bentacera. Se krije elts 2.500 euro om aktiviteiten te betinken om it personiel fitter en sûner te meisjen. Yn novimber wurdt bekend wa't de Vitaliteitsstrijd wûn hat.

Trefwurden: 
sûnens fitaliteit bedriuwen
(Advertinsje)
(Advertinsje)