Wettersport yn tsiispakhús

26 okt 2011 - 06:38
Foto: Omrop Fryslân

It tsiispakhús fan Ealahuzen wurdt omboud ta wettersportakkommodaasje foar minsken mei in beheining. Minsken kinne mei ferskillende wettersporten yn 'e kunde komme. Der komt ek in oanpast skip te lizzen dêr't men rûnfearten mei meimeitsje kin oer de Fryske marren. Foar de folsleine plannen is in bedrach fan hast fjouwer miljoen noadich. De provinsje draacht earst 50.000 euro by, mar dat kin letter noch mear wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)