Trije strannen op It Amelân krije Blauwe Flagge

Drokte op It Amelân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Trije strannen op It Amelân hawwe foar de 30e kear de Blauwe Flagge takend krigen. Dat betsjut dat se feilich en skjin binne. It giet dan om de strannen fan Hollum, Nes en Buren. De Blauwe Flagge wurdt takend oan strannen en jachthavens, dy't feilich en skjin binne. It giet om in ynternasjonale ûnderskieding dy't elk jier opnij fertsjinne wurde moat. Kontroleurs besjogge oft de strannen en jachthavens noch oan de easken foldogge.
"We zijn erg trots dat we de Blauwe Vlaggen al 30 jaar mogen voeren", seit wethâlder Nico Oud. "Voor ons is dit een erkenning van de kwaliteit van het mooie strand van Ameland en dat hebben we mede te danken aan de vele vrijwilligers die zich hiervoor inzetten."
Ynternasjonale sjuery
Mei de Blauwe Vlag-kampanje yn Nederlân belûkt de Stichting Keurmerk Milieu, Veiligheid en Kwaliteit (KMVK) oerheden, ûndernimmers en rekreanten by de soarch foar skjin en feilich wetter, moaie natuer en in sûn miljeu en duorsume jachthavens. De ynternasjonale takenning fan de Blauwe Vlaggen wurdt dien troch de Foundation for Environmental Education (FEE), in ûnôfhinklike ynternasjonale organisaasje. Yn Nederlân wurde dit jier 183 blauwe flaggen takend oan 122 jachthavens en 61 strannen.