Parsekonferinsje Kulturele Haadstêd live op Omrop Fryslân

18 maaie 2017 - 15:30
Logo KH2018

De parsekonferinsje fan de provinsje Fryslân, de gemeente Ljouwert en de organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018 oer Kulturele Haadstêd is tongersdeitemiddei fan 15.45 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en hjir op de webside. De partijen jouwe in taljochting op de finansjele en organisatoaryske maatregels dy't foar Kulturele Haadstêd naam wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)