Stijn Schaars yn aksje tsjin keunstgers

Oanfierders fan tolve earedifysjeklups wolle net langer op keunstgers fuotbalje. Sy pleitsje foar in ferbod. It inisjatyf komt fan de oanfierder fan SC Hearrenfean, Stijn Schaars: "Ik hoor van zoveel voetballers in de media dat ze aversie hebben tegen kunstgras, dat ik de VVCS heb gevraagd om te kijken hoe alle voetballers erin staan."
Negatyf
Yn de earedifyzje wiene der it ôfrûne seizoen seis ploegen dy't op keunstgers fuotbalje. Tongersdei hawwe de oanfierders, út namme fan it spilersfabûn VVCS, in ferklearring jûn wêryn't se sizze dat it fuotbaljen op keunstgers ferbean wurde moat. "Voetballen op kunstgras is gewoon een heel ander spelletje. De bal stuit anders, je krijgt bijna geen duels meer, de sliding sterft uit. Ik ervaar voetballen op kunstgras als negatief", seit Schaars.
Kompetysjeferfalsking
Neffens guon is fuotbalje op keunstgers sels kompetysjeferfalsking en mist Nederlân op dizze wize de oansluting mei de Europeeske top. In motivaasje om op keunstgers te fuotbaljen is faak in finansjele. Mar Stijn Schaars fynt net dat dat de trochslach jaan moat. Hy fynt dat der nei in oplossing socht wurde moat en dat dêryn in grutte rol leit foar it fuotbalbûn KNVB.