Boargemaster Apotheker herkent krityk op plysje Snits net

Hayo Apotheker © Gemeente Súdwest-Fryslân
Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân herkent him net yn it byld dat kriminelen frij spul ha yn Snits. Ut ûndersyk fan de plysje-akademy blykt dat plysjeteams faak neat dwaan kinne oan kriminele aktiviteiten. Ek yn Snits seit it plysjeteam dat meidie oan de enkête dat de organisearre misdied frij spul hat. Dit soe te meitsjen ha mei de eveneminten sa as de Snitswike, dêr't in soad plysjes op ynset wurde.
Apotheker fynt dit in saak foar de plysje sels en seit dat der by de Snitswike genôch ekstra plysjes ynset wurde om it gewoane wurk te dwaan.