"Rjochter moat streek sette troch gunning doelgroepeferfier"

18 maaie 2017 - 13:45

De rjochter moat in streek sette troch de gunning fan it doelgroepeferfier yn Noardeast-Fryslân. De bedriuwen dy't de oanbesteging wûn ha, VMNN, Taxi NOF en Taxi Dorenbos, soenen neffens Waaksma ûnder de kostpriis ynskreaun ha en dat mei net. Dat stelde de advokaat fan taksybedriuw Waaksma tongersdeitemoarn yn in koart pleit foar de rjochtbank yn Ljouwert.

Neffens Waaksma kin it net sa wêze dat it foar dy prizen kin. Hy is benaud dat syn personiel dêr de dupe fan wurdt. Yn it kontrakt stiet dat it personiel mei oer moat nei de nije oanbieder. As de minsken te djoer binne, dan gean se net mei en moat Waaksma se dien jaan. Dat kostet it bedriuw in soad jild.

De advokaat fan netwurk Noardeast stelt dat Waaksma oannames docht en gjin flau benul hat oer oft de nije oanbieder al of net ûnder de kostpriis wurket. Neffens de advokaat is der net ynskreaun ûnder de kostpriis. De gunning is dan ek neffens de regels gien, sa stelt er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)