Pieter Winsemius hâldt sechsde Rede fan Fryslân

18 maaie 2017 - 12:41
Pieter Winsemius

Ald-minister Pieter Winsemius hâldt woansdei 24 maaie de sechsde Rede fan Fryslân. It ûnderwerp dit jier is de Fryske frijheid troch de jierren hinne. De rol fan de provinsje komt hjirby ek oan de oarder. De Rede yn de Steateseal fan it provinsjehûs yn Ljouwert wurdt ynlaat troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Eardere sprekkers wiene CPB-direkteur Coen Teulings, VNO/NCW-foarsitter Bernard Wientjes, âld-twadde keamerfoarsitter Gerdi Verbeet, sjoernalist fan it jier Olaf Koens en Prins Carlos de Bourbon de Parma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)