Beatrixoord Noard-Nederlân siket kandidaten foar priis

18 maaie 2017 - 12:25

Oant 1 oktober kinne der wer kandidaten oanmeld wurde foar de Beatrixoord Noard-Nederlânpriis fan 2017. It giet dan om persoanen of ynstellingen dy't in wichtige bydrage leverje oan kennis en begryp foar revalidaasje of tuberkuloaze. Betingst is wol dat der in dúdlike bining wêze moat mei Noard-Nederlân. De twajierlikse priis bestiet út in oarkonde en in jildbedrach fan 10.000 euro.

De stichting Beatrixoord Noard-Nederlân dy't de priis útrikt, hat it Tuberkuloazemuseum yn de bosken fan Appelskea. Fierder stipet de stichting ûnder oare projekten foar minsken mei in lichaamlike beheining, groanyske sykte of tuberkuloaze.

(advertinsje)