Omrop TIP: Mannen fan it frije fjild

It wurdt stil yn it fjild. Tusken 1960 en no is it oantal greidefûgels mei sa’n 70 persint weromrûn. Troch grutte feroaringen yn it lânskip hawwe ljippen, strânljippen, skriezen en tjirken amper mear de kâns jongen grut te bringen op it boerelân. Fryslân DOK sjocht yn ‘De mannen fan it frije fjild’ mei in pear eigensinnige fjildmannen nei de hjoeddeistige situaasje. Hoe sette sy harren yn om de ljip en de greidefûgels te behâlden?

Tradisjonele aaisykjen fan de baan

Neist it boerelân is it ek yn de spesjale natuergebieten mis. It grutbringen fan de jongen slagget ek dêr mar foar in lyts part. Om’t de ljippestân sa freeslik min is, mei der no al trije jier op rige net aaisocht wurde yn Fryslân. En it is de fraach as dat ea wer kin.
En sa driget mei de greidefûgel ek de tradisjonele aaisiker, de âlde ‘raper’ mar ek de beskermer fan aaien en piken yn de neisoarchtiid, foargoed út it Fryske lânskip te ferdwinen. Of der moat in lyts wûnder barre.
Fryslân DOK giet op ‘en paad mei in pear fjildmannen. Elk sette sy op harren eigen wize prikken yn it wurk om de ljip en de oare greidefûgels foar it Fryske lânskip te behâlden. En as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin. Ek al is dat yllegaal.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Mannen fan it frije fjild’ is snein 21 maaie om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon 20 maaie om 15.30 oere en snein 21 maaie om 13.00 oere.