Kolleezje Hearrenfean set yn op lêsteferlichting

18 maaie 2017 - 12:17
Gemeentehûs op It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean set de kommende jierren yn op in lêsteferlichting foar de eigen ynwenners en bedriuwen. Dat stiet yn de mearjierrebegrutting fan it kolleezje fan b. en w. fan de gemeente. Hearrenfean hie foarich jier goed 4 miljoen euro oer, en it kolleezje wol dat de eigen ynwenners dêr fan mei-profitearje. Der moat ek ekstra jild frij komme om minsken út de bystân te heljen, ynfrastruktuer, sport en feiligens.

Ferleging lêsten

It kolleezje fan b. en w. stelt út om ferskate belestingen yn de gemeente te ferlichtsjen. De ûnreplik goedbelesting wurdt mei 4 persint ferlege en de hûnebelesting wurdt mei de helte nei ûnderen bysteld.

Bystân

Ek wol it kolleezje mear minsken út de bystân oan in baan helpe. Sa wurdt der ekstra jild reservearre foar beropsrjochte opliedingen en stipe fan minsken dy't in baan sykje.

Ynfrastruktuer

It fytspaad fan Haskerdiken nei It Hearrenfean wurdt ek oanpakt. Dêrneist moat der jild komme foar in rekonstruksje fan de Meyerwei yn De Knipe. Der wurdt ek in fûns ynrjochte wêrút kearnen yn de gemeente yn de takomst harren plannen bekostigje kinne.

Sport

It kolleezje wol ynvestearje yn efterstallich ûnderhâld oan gymnastyklokalen. Ek giet as it oan harren leit de hier foar it brûken fan sportakkommodaasjes nei ûnderen.

Feiligens

Om de leefberens yn de gemeente te ferbetterjen, fynt it kolleezje dat der mear jild komme moat foar de plysje.

De gemeenteried behannelet de plannen fan it kolleezje op 22 juny.

(Advertinsje)
(Advertinsje)