"Kriminelen Snits wurde net oanpakt"

18 maaie 2017 - 11:39

Kriminelen yn Snits kinne gewoan harren gong gean. Wykagenten dy't yn de stêd wurkje, sjogge de organisearre misdied foar harren eagen gebeuren mar der wurdt troch resjersjeurs neat oan dien. Ien en oar is de útkomst fan in ûndersyk fan de plysje-akademy.

Hurder oanpakke

De ûndersikers hawwe mei 1.100 meiwurkers fan plysjeteams praat yn ûnder oare Rotterdam, Delfshaven en Snits. Mear as 70 persint seit dat in protte kriminelen fierstente min oanpakt wurde. Noch mear ûnderfrege plysjeminsken fine dat der mear jild ynvestearre wurde moat yn opspoaringsûndersiken nei grutte kriminaliteit. Ek soene der folle mear resjersjeurs komme moatte.

De ûndersikers jouwe it advys dat yn elk basisteam seker tsien plysjeminsken folslein dwaande wêze moatte mei de oanpak fan misdied.

Trefwurden: 
kriminaliteit Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)