Autodief út Ljouwert moat noch selstraf útsitte

18 maaie 2017 - 10:51
Foto: ANP

In man fan 37 jier út Ljouwert is tongersdeitemoarn betiid oanhâlden yn Jelsum. De plysje sette de man by in rûtinekontrôle oan de kant. Nei ûndersyk die bliken dat er krekt in auto stellen hie yn Burdaard. Boppedat moast er noch tolve dagen yn de sel sitte. Ek hie er gjin rydbewiis. De Ljouwerter is meinaam nei it plysjeburo.

(advertinsje)
(advertinsje)