Kollum: "Webwinkel"

"Mei de tiid mei bewege. Blokker hat it net dien en sit no yn swier waar; 1900 banen gean ferlern by de wenwinkel. Se ha ‘online’ de boat mist, sa skriuwe analisten. De âlde Blokker, Jaap, seach neat yn webwinkels, mar konsuminten wol. Dy kochten harren guod massaal bij Bol.com, en sa kamen der hieltyd minder minsken yn de Blokker.
It is mar goed dat ik net de pater familias fan in famyljebedriuw yn húshâldguod bin. Want ik sjoch ek net folle yn webwinkels. Ik strún gauris troch Bol.com, Coolblue en Zalando. Soms laad ik myn firtuele winkelkarke dêr ek goed fol. Klikkerdeklik, der sit sa wat yn. Mar ik bliuw skeptysk. Ik bin al opgroeid mei ynternet, mar wol krekt mei it ynternet dat noch net hielendal te fertrouwen wie.
Klean wol ik passe, by elektroanika wol ik witte oft it net rammelet en mei meubels, jiskefetten en guod foar yn ‘e keuken wol ik presys witte hoe grut it is. Oft it wol past. En dêr komst nea achter yn in webshop. It sil wol âlderwetsk wêze, mar ik ha it leaver even yn myn hannen. Ik keapje graach wat dat my fuortendaliks befalt, want ik hâld der net sa fan om dingen gau wer fuort te goaien. De firtuele winkelkarkes lit ik dus altyd stean bij de firtuele kassa. Want noch leuker as firtueel wat keapje, is firtueel neat keapje.
Mar ik bin de iennige, want it is net foar neat dat V&D net mear bestiet, alle Dixonswinkels ticht binne en no safolle ûntslaggen falle by Blokker. Troch guon strjitten yn Nederlân ride alle dagen wol tsien bestelbuskes. Ofleverje, mar ek wer ophelje. Wannear’t it net past of der wat oan mankearret. En dan mar wer wachtsje op it folgjende buske, en hoopje dat it goed komt.
Ik ha al in útsûndering foar webwinkels. Dat is Discogs. Feitlik is it gjin webwinkel, mar in soarte fan Marktplaats, foar platen en CD’s. Minsken dy’t âlde LP’s ha en der fan ôf wolle, sette dy te keap. En dat fyn ik leuk. Kinst der detailleare ynformaasje fine oer ferskillende útjeften fan platen en besitters kinne harren kolleksje yn in online database opslaan. Handich, wannear’t ik oan it shoppen bin, en net wis bin oft ik in bepaalde plaat no al of net ha.
Sa kocht ik dêr koartlyn de earste trije platen fan Jamiroquai. Finyl, de orizjinelen, út 1993, ’94 en ’96; de platen wêryn't dizze band yn orizjinele besetting spile, en mei prachtich grafysk wurk yn ‘e hoezen. Platen dy’t ik út de holle kin, mar allinnich de ferzjes fan CD en Spotify. Op LP binne se oars.
Op Discogs hie ik kar út tal fan ferkeapers. Se freegje behoarlike prizen, mar om’t der safolle oanbieders binne, kloppe dy al. In plaat fan Miles Davis út 1959 is sa 'gewild', dat er dêr in kear ferkocht is foar 500 euro. Miskien ris by pake op souder sjen, wat dêr noch oan goud stiet?
Twa fan de trije Jamiroquai platen kamen út Dútslân. Ik ferhûge my der al wakker op, en dizze twa hie ik fan ‘e wike binnen. De tredde moat út Ingelân komme. Dy is no al wol hast trije wiken ûnderweis. Gjin track&trace, dus it is in riedsel wêr’t er is. Dan komt myn skepsis foar online winkeljen dochs wer wat nei boppe. Wannear't ik 'm op in platebeurs kocht hie, hie ik ‘m al hân. Wêr soe myn moaie Jamiroquai plaat no lizze? Hoe lang is-ie nog ûnderweis?
Miskien leit it oan de titel fan it album. Dy is nammentlik ‘Traveling without moving’."
Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.