Wurkleazens yn Fryslân nimt hieltyd fierder ôf

18 maaie 2017 - 08:54

De wurkleazens yn Fryslân is yn april fierder ôfnaam. Dat meldt it UWV. Goed 17.500 Friezen krigen yn april in WW-útkearing, goed 700 minder yn fergeliking mei de moanne derfoar. Benammen yn de bou binne mear banen. Op it stuit binne der yn Fryslân dik 400 fakatueres yn de bou. Sa'n twatredde fan de minsken mei in WW-útkearing slagget der binnen in jier yn om wer oan it wurk te gean.

Ek yn Grinslân en Drinte is de wurkleazens fierder ôfnaam. Dêr is de ferleging fan it tal WW-útkearingen wol minder grut as yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)