Auto útbaarnd op A7 by Beetstersweach

18 maaie 2017 - 06:25
Foto: Srfotografie

Op de A7 by Beetstersweach is woansdeitejûn let in auto útbaarnd. Doe't de brânwacht oankaam, stie de auto al folslein yn 'e brân en koe net foarkaam wurde dat dy ferlern gie. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. De bestjoerder koe op tiid út de auto komme en rekke net ferwûne. De brân feroarsake flinke opûnthâld foar it ferkear.

Nei de brân kamen der meardere meldingen út Drachten oer in mooglike gaslucht. It die bliken, dat dy lucht feroarsake wie troch de baarnende auto.

Trefwurden: 
autobrân A7 Beetstersweach
(Advertinsje)
(Advertinsje)