Fryske hegeskoallen skoare goed yn jierlikse studinte-enkête

Studinten fan de NHL Hegeskoalle binne tige te sprekken oer de feroaringen dy't de skoalle makke hat nei oanlieding fan de minne studinte-enkête fan ferline jier. Dat docht bliken út de sifers dy't de studinten de hegeskoalle dit jier jûn hawwe. Ferline jier stie de NHL noch op it ien nei lêste plak yn de list fan middelgrutte skoallen. Mar dit jier stiet de NHL ynienen yn de top 3. It ferskil yn sifers is lykwols net al te grut: ferline jier krige de skoalle in 3,77 op in skaal fan 5, en dit jier mei de NHL in 3,84 opskriuwe as sifer.
"Ontzettend trots"
Jan van Iersel fan it kolleezje fan bestjoer is tige wiis mei it sifer: "Een resultaat waar we met elkaar hard aan hebben gewerkt en ontzettend trots op zijn." Oer it algemien skoart de skoalle op alle flakken better as ferline jier, en ek yn fergelyk mei it lanlike sifer docht de NHL Hegeskoalle it goed. Allinnich op in pear details rint de NHL achter op de rest fan Nederlân. It giet dan bygelyks oer it beskikber wêzen fan wurkplakken, of it kombinearjen fan wurkjen en learen.
Stenden
Oan de oare kant fan it plein by Stenden University kinne se ek bliid wêze. De skoalle stiet lanlik op it twadde plak yn de list fan middelgrutte skoallen en skoart op alle achttjin tema's heger as it lanlik gemiddelde. Goed trijekwart fan de studinten fan Stenden is tige wiis mei har oplieding. Likefolle studinten soene harren oplieding oanriede by freonen of famylje as har dêrnei frege wurdt.
By Stenden falle benammen positive skoares op by de ynternasjonalisearring, staazje-ûnderfining, en de grutte fan de stúdzjegroepen. "We hebben het afgelopen jaar weer volop ingezet op de kwaliteit van onze opleidingen en het is prachtig om te zien dat deze verbeteringen steeds beter worden herkend door de studenten", seit Leendert Klaassen, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Stenden.