Harkemase Boys ûnderút tsjin UNA yn neikompetysje

17 maaie 2017 - 21:55

Harkemase Boys is de neikompetysje om promoasje nei de twadde difyzje net goed begûn. De Harkiten ferlearen woansdeitejûn op eigen fjild mei 1-0 fan UNA Veldhoven, de nûmer 15 fan de twadde difyzje. UNA begûn sterk oan de wedstriid, mar dat smiet gjin grutte kânsen op. Nei in kertier hiene de Harkiten de saak foarelkoar en ûntstie der in lykweardige striid. De Boys krigen kânsen, mar Matthijs Hardijk, Oebele Schokker en Heine Uuldriks koene de bal net yn de goal krije.

Yn de twadde helte kaam UNA tsjin de ferhâlding yn op 1-0 troch in goal fan Nick Tielemans. Harkemase Boys gie op syk nei de lykmakker, wie ek better as UNA, mar kaam tekoart.

De return is kommende sneon yn Veldhoven. De winner fan dit twalûk spilet tsjin de winner fan FC Lisse-Dongen. Spyldata: 24 en 27 maaie. FC Lisse wûn de earste wedstriid mei 5-2 by Dongen.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)