Stijn Schaars biedt supporters ekskús oan foar 'gebaar'

17 maaie 2017 - 21:48

Stijn Schaars hat nei de wedstriid tsjin FC Utrecht (3-1 nederlaach) syn ekskús oanbean oan de Hearrenfean-supporters. Hy stuts neffens supporters in middelfinger op; neffens Schaars sels wie it krekt oars: "Ik maakte een wegwerpgebaar", sa makket Schaars in beweging mei syn hânnen. "Ik wil daar graag sorry voor zeggen. Dat moet ik niet doen. Ik snap de emoties, maar ik baal ervan als ze gaan fluiten bij een verkeerde pass."

Streppel tefreden mei nije wize fan spyljen

Hearrenfean spile sûnder topskoarer Reza Goochannejhad, Yuki Kobayashi en Pelle van Amersfoort yn in ferdigenjend 5-3-2 systeem. Trainer Jurgen Streppel: "Dat pakte eerst wel goed uit, maar Utrecht heeft een goede ploeg en voetbalde daar goed onderuit. De hele ploeg stond achter dit besluit. We wilden wat anders proberen."

16-jierrige Kik Pierie makket debút

Kik Pierie wurdt 20 july pas 17 jier, mar makke tsjin Utrecht syn debút. Hy foel yn de twadde helte yn troch in polsblessuere fan Jeremiah St. Juste. "Ik geloof dat we volgende week kunnen winnen. Dat denk ik echt. Als je ziet hoe we ze de tweede helft onder druk zetten, dan geloof ik daar in." De Ljouwerter spile earder al ris yn in oefenwedstriid mei, mar spile no foar it earst yn in offisjele wedstriid yn it earste.

(advertinsje)
(advertinsje)