Europarlemint wurdt op 12 juny yn it Frysk tasprutsen

17 maaie 2017 - 21:11

Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea sil op 12 juny in Fryske taspraak hâlde yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. Op dy dei bestiet it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa 25 jier. Om dêr by stil te stean krije de Europarlemintariërs dy't in minderheidstaal prate foar ien kear de mooglikheid om yn dy taal in taspraak te hâlden.

Yn de Europeeske Uny praat sa'n tsien persint fan de befolking in minderheidstaal. Dy talen lykas it Frysk, it Nedersaksysk of it Baskysk moatte je koesterje, fynt Huitema. Hy wie dêrom gelyk te finen foar it idee fan in Fryske taspraak.

Aksje

Ut Nederlân sil njonken Jan Huitema (VVD) ek Annie Schreijer-Pierik fan it CDA oan de aksje meidwaan. Sy sil it EP tasprekke yn it Twentsk. Huitema en Schreijer binne beide lid fan de yntergroep (kommisje) minorities (minderheden) fan it EP.

Foar de aksje hoecht it Europeesk Parlemint gjin aparte tolkekabines yn te rjochtsjen foar it Frysk, Baskysk of Nedersaksysk. Europarlemintariërs dy't yn in minderheidstaal prate wolle, wurdt frege om yn it foar ek in oersetting oan te leverjen yn in grutte(re) Europeeske taal. De yntergroep minorities fergaderet tongersdei oer dizze aksje. Dan wurdt ek dúdlik hoefolle minderheidstalen te hearren wêze sille op 12 juny. Foarsitter Tajani fan it Europeesk Parlemint hat al grien ljocht jûn foar de taspraken yn minderheidstalen.

Wurktalen

It Europeesk Parlemint hat ornaris 24 wurktalen. It giet om de offisjele talen fan alle 28 lidsteaten fan de Europeeske Uny. It giet dan om grutte talen as it Frânsk, Dútsk en Ingelsk, mar ek om folle lytsere talen as it Malteesk, it Iersk en it Estysk. Op 12 juny komt dêr dus noch in searje talen by, wêrûnder it Frysk. Sjoch ek ús Europablog foar mear ynformaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)