Mooglik fjouwer apparteminten yn Heephûs Marrum

17 maaie 2017 - 20:47
Plattegrûn fan it Heephûs mei fjouwer apparteminten

It is mooglik om fjouwer apparteminten te bouwen yn it Heephûs yn Marrum. Dat is de útkomst fan it ûndersyk dat de Stichting Herbestemming Vast(erf)goed dien hat yn opdracht fan doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk. Wol binne der inkelde knipepunten: sa is der asbest oanwêzich yn it histoaryske gebou, en jout de monumintestatus in tal beperkingen oan de ferbouwing.

It Heephûs is boud yn de jierren 30 fan de 19e iuw yn opdracht fan Jan Albarda, in boargemaster fan Ferwerderadiel. Yn de 20e iuw is it gebou brûkt as tehûs foar âlderen. Hjoed de dei stiet it Heephûs te fertutearzjen yn it doarp. Ta spyt fan de doarpsbewenners.

Trefwurden: 
Marrum Heephûs
(Advertinsje)
(Advertinsje)