SC Hearrenfean ferliest earste wedstriid play-offs

17 maaie 2017 - 20:25

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn de earste heale finalewedstriid yn de play-offs om Europeesk fuotbal tsjin FC Utrecht ferlern. Yn it eigen Abe Lenstra Stadion waard it 3-1 foar de Utrechters.

Utrecht hie fan it begjin ôf it oerwicht en it measte balbesit. It wie Amrabat dy't Utrecht nei in lyts kertier op foarsprong brocht mei in moaie krul yn de boppe-hoeke. Fiif minuten letter ferdûbele Ayoub de foarsprong foar de besikers. Hy kopte de bal út in hoekskop hurd yn de krusing: 2-0. Hearrenfean krigen dêrnei in tal kânsen, mar Stijn Schaars en Sam Larsson skeaten net mei skerp.

Ødegaard

Nei it skoft spile Hearrenfean mei mear lef nei foaren ta. Ta kânsen late dat lange tiid net. Martin Ødegaard soarge der lykwols foar dat Hearrenfean wer werom kaam yn de wedstriid troch de oanslutingstreffer te skoaren: 2-1. It wie it earste doelpunt fan it fan Real Madrid hierde talint foar SC Hearrenfean.

Kânsen

Hearrenfean gie dêrnei op syk nei de lykmakker en krige in tal grutte kâns fia Sam Larsson, dy't de bal op de latte skeat en fia Stefano Marzo, dy't yn de rebound yn de hannen fan keeper Ruiter skeat. It doelpunt foel dêrnei ûnferwachte oan de oare kant. Haller tikte de bal op prachtige wize mei de hakke yn it doel fan keeper Erwin Mulder: 3-1. Dêrnei waard der net mear skoard.

Debút Pierie

Kik Pierie (16) fan Ljouwert makke syn kompetative debút yn it earste alvetal fan SC Hearrenfean.

Hearrenfean spilet kommende sneon de return yn Utrecht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)