"Ljouwert moat Hop-On Hop-Off auto krije"

17 maaie 2017 - 20:03
De hop on - hop off auto

Der moatte Hop-On Hop-Off auto's yn Ljouwert komme. Dat fynt de gemeentefraksje fan de ChristenUnie yn de gemeente Ljouwert. De partij tinkt dat Kulturele Haadstêd 2018 njonken mobile besikers ek in protte beheinde minsken lûke sil. Dizze minsken kinne net maklik by bygelyks de Ljouwerter musea en aktiviteiten komme. De gemeente soe dêrom neffens de ChristenUnie dizze minsken temjitte komme moatte mei seis elektryske auto's.

De auto's soene in fêste rûte fan sa'n fiif of seis kilometer troch de stêd ride moatte. Minsken kinne dan yn- en útstappe op populêre lokaasje yn de binnenstêd. Yn it plan wurde de e-cars bestjoerd troch minsken mei in efterstân op de arbeidsmerk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)