FIDEO: Ludyk filmke yn reaksje op klaaikeamer-ynsidint

Keatsers Taeke Triemstra en dy ha in ludyk filmke makke fan it skjinmeitsjen fan in klaaikeamer. Yn it filmke himmelje de keatsers in klaaikeamer oant dy folslein skjin is. It filmke is in reaksje op de krityske brief fan keatsbûn-foarsitter Geert Faber oan in tal keatsers dat de klaaikeamer fan Sjirk de Wal yn Dronryp ôfrûne snein fersmoarge efterlitten waard troch haadklasse keatsers.
Faber stjoerde woansdei opnij in brief nei de keatsers, wêryn't er syn brief fan moandei neier taljochte.