UPDATE: Trekker yn brân neist stâl, skea oan sinnepanielen

Troch de brân is in trekker útbaarnd, de kij kamen mei de skrik frij © De Vries Media
Helptsjinsten binne woansdeitemiddei om healwei seizen útriden foar in brân yn in stâl yn Elslo. De brân ûntstie yn in trekker neist de stâl. De hjitte wie sa grut dat de sydkant fan de stâl en de sinnepanielen op it dak skea oprûnen. Yn de stâl stiene tachtich kij. It plan wie om dy út foarsoarch nei bûten te bringen, mar omdat it fjoer gau ûnder kontrôle wie, wie dat net mear nedich. Om seis oere hinne waard it sein brân master jûn.
De trekker is folslein útbaarnd. De kij hawwe koarte tiid reek ynademe, mar binne fierder mei de skrik frijkaam.