It Frysk Boun om Utens komt yn aksje tsjin KPN

17 maaie 2017 - 17:27

It Frysk Boun om Utens wol aksje ûndernimme tsjin KPN omdat dy maatskippij it sinjaal fan Omrop Fryslân aanst net mear trochsette wol. Dat betsjut dat de Omrop yn grutte parten fan Nederlân net mear op telefyzje te sjen is. "Dat is hiel beroerd", seit It Frysk Boun om Utens.

Earder hat kabelmaatskippij Ziggo ek alris Omrop Fryslân út it pakket helle. Protesten fan ûnder oare It Frysk Boun om Utens ha derfoar soarge dat de Omrop by Ziggo wol yn hiel Nederlân te sjen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)