Partijen wurkje gear foar better libben greidefûgel

17 maaie 2017 - 16:52
Skries - Foto: Henk Bootsma

Wetterskip Fryslân en it Kollektyf Súdwestkust wurkje gear om de libbensomstannichheden fan greidefûgels yn Súdwest-Fryslân te ferbetterjen. De natuerbehearders sille tenei sels de wetterpeilen yn it gebiet beheare. Se dogge dit binnen de rjochtlinen fan it Wetterskip. It is foar it earst dat it Wetterskip op grutte skaal in gearwurkingsoerienkomst oangiet foar it behearen fan it wetterpeil.

Earder al waard in proef dien yn it gebiet Idzegea. Hjir diene ûnder oare it Wetterskip, Steatsboskbehear, boeren, fûgelwachters en jagers oan mei. Dizze proef hat sjen litten dat gearwurking tusken in grut ferskaat oan partijen mooglik is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)